By Langedike ljochtet tenei in lantearnepeal op mei sinne-enerzjy

23 sep 2020 - 19:59

Tusken Langedike en Easterwâlde stiet wol in hiel bysûndere lantearnepeal: ientsje mei in sinnepaniel. De gemeente Eaststellingwerf docht mei dizze duorsume ljochtpeal ûnderfining op foar de strjitferljochting fan de takomst.

Wethâlder Esther Verhagen, adviseur iepenbiere romte Wouter de Vlugt, Rob Zwaaneveldt fan Plaatselijk Belang Langedijke en inisjatyfnimmer Immy Bosma. - Foto: Gemeente Eaststellingwerf

Ynwenner Immy Bosma fûn it mar tsjuster op de dyk fan de rotonde by Easterwâlde nei Langedike ta. Dêrom frege sy it pleatslik belang fan Langedike oft dêr wat oan dien wurde koe. Sa is it idee ûntstien foar in lantearnepeal mei in sinnepaniel, dy't dus selsfoarsjennend is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)