Trettjin projekten krije subsydzje út Prins Bernhard Cultuurfonds

It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân hat yn it tredde fearnsjier fan dit jier 23.500 euro takend oan trettjin kultuer- en natuerprojekten. Der binne lykwols minder oanfragen yntsjinne as foar de coronakrisis, en dat wylst de sektor it swier hat. It fûns ropt kultuer- en natuerorganisaasjes dêrom op foaral oanfragen yntsjinjen te bliuwen.
Panorama InsideOUT © Omrop Fryslân
Stichting Panorama InsideOUT Fryslân krijt 3.000 euro foar it opnij eksposearjen fan in panorama yn it Adverium yn Drachten. Dat panorama is makke troch (eks-)psychiatryske pasjinten dy't by de eksposysje sels workshops jouwe en fertelle oer wat se meimakke hawwe.
Stichting Thuishaven krijt 2.000 euro foar it International Short Documentary Film Festival Plons. Thuishaven fertoant op in skip dat ynrjochte is as filmseal koarte dokumintêres. De Stichting Collegium Vocale Fryslân hat in tasizzing fan 3.000 euro krigen foar in konsert op It Hearrenfean. De organisator fan koartprojekten wurket dêrfoar gear mei it Nederlands Kamerkoor.
De folsleine list fan Fryske projekten dy't stipe wurde, is hjir te finen.

Kosten dochs fergoede

Cultuurfonds Fryslân seit kûlant te wêzen mei it útbeteljen fan de earder taseine bedraggen. Ek as in evenemint of projekt net (folslein) trochgean kin, kinne guon kosten dochs fergoede wurde. It fûns ropt ferienings, organisaasjes, makkers yn de kultuer- en natuersektor op om foaral oanfragen foar finansjele stipe dwaan te bliuwen. It gebrûklike budzjet is nammentlik gewoan beskikber.
"Juist nu is het zo belangrijk dat dit geld van onze schenkers en van de loterijen in de sector terecht komt, om te zorgen dat makers en initiatiefnemers zo snel mogelijk weer normaal aan de slag gaan zodra de beperkingen door de coronacrisis afnemen", seit it fûns.