Escaperoomspul 'Anno N.' moat pesten op Fryske skoallen tsjingean

Anno N. fersus skoalbern is in nij ûntwikkele edukatyf escaperoom-spul foar it basisûnderwiis. Mei-inoar yn stee fan tsjin inoar, dat is de iennige manier wêrop't learlingen mei dit ynteraktive spul út de greep fan hacker Anno N. komme kinne. Mei dit projekt pakke de Afûk, Omrop Fryslân en it Friesland College it pesten op skoalle oan.
Escaperoomspul 3
De start fan it projekt is op basisskoalle de Bloei yn Terherne. Direkteur Tjitske van Akker-Postma is troch hacker Anno N. opsletten. De learlingen fan de skoalle witte lykwols noch net wêr't sy sit. Troch it oplossen fan in rebus kinne sy efterhelje wêr't de direkteur is en hoe't sy frij komme kin.

Opsletten

Nei in skoftke wurdt dúdlik dat de direkteur yn de gymseal te finen is. Mar dan docht bliken dat de kaai fuort is. "Wy moasten in koade ynfiere," seit learling fan groep 7/8 Maud Koopmans. "Doe koene wy in opdracht meitsje en sa koene we de kaai fine."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Dy opdracht bestiet út it meitsjen fan letters troch de learlingen. Sy krije ferskate opdrachten en de antwurden derop binne in bepaalde letter. Dy letter moatte se útbyldzje. Oan de ein fan alle opdrachten komt der in sin út alle letters. Dan is dúdlik wêr't de kaai is en kin de direkteur frij komme.

Tsjin pesten

By de opdrachten moatte alle learlingen gearwurkje. Dat is it doel om pesten tsjin te gean. Anno is eartiids in protte pest en wol wraak nimme op de skoalle. "Gepest worden is nooit leuk," fertelt Tessa Schuurman fan groep 7 en 8. "Maar dit is ook niet de oplossing. Je kan er beter met de juf en de klas over praten."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It projekt 'Anno N.' is in gearwurking fan it taalynstitút Afûk, skoallemienskip Friesland College en Omrop Fryslân. Sy ha it spul betocht.

Taal eigen meitsje

Neist it besprekber meitsjen fan pesten, hat Anno N. noch in doel. "Wy wolle bern graach thúsbringe yn de Fryske taal," seit Halbe Piter Claus. Hy is projektlieder út namme fan de Omrop. "Bist eins dwaande mei it Frysk sûnder dat je it yn de gaten hawwe. It liftet op in natuerlike wize mei. Dat is in krêftige wize om dwaande te wêzen."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie derby
Anno N. is foar alle skoallen yn Fryslân te bestellen. Fan woansdei ôf is dat mooglik. Sy kinne maile nei de Afûk. De ôfrûne wiken hawwe der al ferskate pilots wist. "Dêr wiene in soad positive reaksjes op," seit Fokke Jagersma fan de Afûk. "Wat ik it moaiste fûn wie de reaksje fan in famke út groep 5. Sy frege hoe't we Anno helpe kinne. Hy is dan wol de minne persoan yn dit ferhaal, mar hy is eartiids in soad pest. Dat famke stelde foar om Anno posityf benei te kommen. Dat is dochs moai!"