Ljouwerter (41) frijsprutsen fan helen stellen boaten

23 sep 2020 - 15:58

In 41-jierrige Ljouwerter is woansdei troch de rjochter frijsprutsen fan heling fan trije boaten. De man hie de boaten yn septimber foarich jier kocht fan de eks-freondinne fan de eigener.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Ljouwerter hie net yn 'e gaten dat er belutsen wie by oplichting: de frou dy't de boaten oan him ferkocht wie de eks-freondinne fan de eigener. De Ljouwerter hie de boaten foar 5.000 euro kocht. Hy hie by de havenmaster fan de jachthaven yn Ljouwert noch neifraach dien en alles like te klopjen.

Harsenblieding

De eks-freondinne hie sein dat de eigener in harsenblieding hân hie en dat hy sûnt dy tiid in 'kasplantsje' wie. Letter die bliken dat de man ynsûn wie. De plysje hie de wearde fan de boaten skatten op 12.000 oant 13.000 euro. De boaten wiene neffens de fertochte net mear wurdich as wat hy derfoar betelle hie: se soene efterstallich ûnderhâld hawwe, ien moast sels in nije motor hawwe.

Gjin ferkearde bedoelings

Neffens de rjochter die út neat bliken dat de Ljouwerter ferkearde bedoelings hân hie. "U dacht een goede slag te slaan en hebt het in alle openheid gedaan". De rjochter spruts de fertochte dêrom frij. De eks-freondinne is earder troch de rjochter feroardiele ta in wurkstraf fan 150 oeren foar it stellen fan de boaten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)