Ljouwerter masinefabryk fallyt: slachtoffer fan coronakrisis

23 sep 2020 - 15:42

Masinefabryk Van der Ploeg oan de Plutoweg yn Ljouwert is fallyt ferklearre. Der wurkje 52 minsken yn it bedriuw, dêr't ûnder oare grutte masinen makke wurde, bygelyks om doazen yninoar te setten, of pipen te bûgjen. It bedriuw is hast 180 jier lyn begûn as doarpssmid yn Aldeboarn. Neffens kurator Knegtering komt it fallisemint diels troch it coronafirus.

Foto: Google Street View

It bedriuw wurket in soad foar de skipsbou, dêr't ynvestearringen op dit stuit útsteld wurde. Ek leveret Van der Ploeg oan Aziatyske lannen, wat op dit stuit dreech is.

It bedriuw hat in skuld fan 4 miljoen by de bank en 6 ton oan leveransiers. Der wurdt noch wurke yn it fabryk. De kurator hopet op in trochstart, want der binne al petearen mei in oernamekandidaat.

(advertinsje)
(advertinsje)