120 oeren wurkstraf foar Ljouwerter oplichter (22)

23 sep 2020 - 15:25

In 22-jierrige Ljouwerter hat woansdei yn de rjochtbank fan Ljouwert in wurkstraf krigen fan 120 oeren, omdat hy besocht hie twa webshops op te lichtsjen.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man hie in negative oantekening by it Bureau Krediet Registratie (BKR) en koe dêrtroch sels neat mear bestelle op it ynternet. Fia Marktplaats kocht er dêrom foar twa tientsjes de brûkersnammen en wachtwurden fan twa besteande accounts, dy't op namme stiene fan ynwenners fan Drachten.

Oanjefte

De man bestelde by Zalando klean en skuon en by MediaMarkt hie er syn each falle litten op in iPhone. De fraude waard lykwols ûntdutsen en de Ljouwerter krige neat opstjoerd. Beide winkels hawwe oanjefte dien fan it besykjen ta oplichting.

De man krige fan de rjochter woansdei by ferstek in wurkstraf fan 120 oeren. In earder opleine selstraf fan twa moannen ûnder betingst foar in geweldsaak sette de rjochter om yn nochris 120 oeren fergees wurkjen.

(advertinsje)
(advertinsje)