Gemeente Ljouwert net iens mei kritysk rapport oer festivals

23 sep 2020 - 15:07

De gemeente Ljouwert kin him net fine yn de krityk fan de rekkenkeamer op it festivalbelied yn it Griene Stjer-gebiet. In pear wiken lyn kaam de rekkenkeamer nei bûten mei in tige kritysk rapport oer it hanneljen fan de gemeente. Dêryn stiet dat de gemeente by it ferlienen fan fergunningen oan de festivals lêst hie fan tunnelfyzje, net iepen genôch stie foar de klachten fan boargers en te trochdriuwerich wie syn eigen gelyk te heljen.

Flinke krityk dus, mar de gemeente fynt it te koart troch de bocht. "In het begin is er best wel veel fout gegaan", jout wethâlder fan kultuer Hein Kuiken ta. Mar neffens him hawwe se der fan leard en kinne se dit ek sjen litte. Neffens him is dêr te min omtinken foar yn it rekkenkeamerrapport. "In het begin mochten de festivals best veel lawaai maken. Eerst 24 uur per dag, later op vrijdag en zaterdag tot 3 uur, toen tot 1 uur en inmiddels is dat nog maar tot middernacht."

De midlike wei net te berikken

Neffens de rekkenkeamer soe de gemeente yn oerlis mei alle belutsenen mei-inoar in lûdsnivo fine moatte dêr't alle partijen harren yn fine kinne. Ek hjir is Kuiken it net mei iens. "De gemeente vindt wel dat je om tafel moet en moet insteken op draagvlak, maar als je het specifiek hebt over de procedures van de Stichting Groene Ster Duurzaam, dan vraag ik me af of daar een gulden middenweg in te bereiken is. Uit de correspondentie van de stichting blijkt dat ze volgens mij als missie hebben de festivals helemaal te elimineren uit de Groene Ster."

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

De gemeente Ljouwert liet earder al witte dat - ek al leit der in kritysk rapport - sy har noch hieltyd as festivalstêd profilearje wol. It is ien fan de meast wichtige pylders ûnder it kultuerbelied, seit de gemeente. Woansdeitejûn wurdt der yn de gemeenteried praten oer it rapport.

Wethâlder Hein Kuiken

(advertinsje)
(advertinsje)