Oertsjongsters moatte mear 'Woordwies' wurde mei app fan streektaalklups

23 sep 2020 - 14:58

Op de app Woordwies fan streektaalorganisaasjes út de Stellingwerven, Grinslân, Drinte, Oerisel en de Achterhoek koene brûkers earder al Nederlânske wurden oersette yn in streektaal, mar no kin it ek oarsom: brûkers kinne mei de app de betsjutting fan Stellingwerfske wurden riede. Sa kinne de ynwenners fan ûnder oare West- en Eaststellingwerf, it gebiet ûnder de Tsjonger, wat better yn 'e kunde komme mei it skreaune Stellingwerfsk.

Foto: Shutterstock.com (David MG)

Minsken dy't de app brûke kinne earst in streektaal kieze en ynstelle hoe muoilik it spul wêze moat. Dêrnei krije sy wurden te sjen en binnen 30 sekonden moatten minsken de goeie oersetting kieze. As beleanning foar in goed antwurd krijst in ôfbylding fan in moaie lokaasje earne yn Noardeast-Nederlân. Op dizze wize wolle de betinkers fan de app minsken mear yn de kunde bringe mei streektalen, lykas it Stellingwerfsk.

Stellingwarver Schrieversronte

"Je hebt nou dubbel plezeer van het spellegie," seit Bert Rossing fan streektaalorganisaasje Huus van de Taol. Yn de app is ek it lêste nijs te lêzen yn ien fan de Nedersaksyske talen.

It inisjatyf wurdt ûnder oare mei mooglik makke troch de Stellingwarver Schrieversronte, mar ek troch it Centrum Groninger Taal en Cultuur, Huus van de Taol, IJsselacademie, Twentehoes en Erfgoedcentrum Achterhoek Liemers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)