Hamke docht mei oan de Onbeperkte Elfstedentocht: "Je kinne mear as je tinke"

Al seis jier wol Hamke Meijer neat leaver as meidwaan oan in offisjele Alvestêdetocht, mar omdat minsken allinnich selsstannich dielnimme meie oan de tocht koe dat noait. Dochs krijt Meijer einlik de kâns om de goed 200 kilometer troch Fryslân hinne te fytsen op syn duofyts. Hy docht mei oan de Onbeperkte Elfstedentocht.
Hamke docht mei oan de Onbeperkte Elfstedentocht
Meijer hat al hast tweintich jier in ynkomplete dwarslaesie. "Dat kinst fergelykje mei in elektrisiteitssintrale dêr't alle triedden yn de war lizze nei in eksploazje. Guon triedden ha wol ferbining en oaren net mear." Hjirtroch is Meijer minder by steat om de deistige saken te dwaan en hat er folle minder enerzy.

"Ik tocht noch: ik moat hjir stadichoan ride"

Yn 2002 hat Meijer in ûngelok hân mei syn brommer tsjin in auto oan. "It wie trijehûndert meter fan myn hûs. Ik tocht noch; ik moat hjir stadichoan ride." Syn brommer is rekke troch in auto dy't út in parkearhaven wie kaam. Nei it ûngelok hat Meijer in heal jier refalidearre en koe dêrnei net mear wurkje.
Hamke Meijer © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Dit evenemint is neffens Meijer hiel wichtich. "Je kinne sjen litte oan minsken dy't in beheining ha: je kinne mear as je tinke." Der is nammentlik net in soad te dwaan foar dizze doelgroep. De goed 200 kilometer op de fyts sjocht Meijer net tsjinop. Hy hat alris earder grutte einen fytst. "Doe't Maarten van der Weijden de Swimalvestedetocht swom, ha ik op de lisfyts ek in hiel stik meifytst."
It wurdt in hiele bysûndere wike tinkt Meijer. Hy sit op de fyts mei Hans, in frijwilliger fan de Zonnebloem. "Wy oernachtsje by minsken thús. Dy kenne wy yn it foar net. Dy stelle harren hûs beskikber foar minsken dy't op de fyts of rinnende in Alvestêdetocht meitsje."
Hamke Meijer
De Onbeperkte Elfstedentocht wurdt hâlden fan 23 oant en mei 27 septimber. De organisaasje leit yn hannen fan Sandy Krijnen út Koarnwert. Se hat MS en sadwaande kin se net meidwaan mei har man oan de Fytsalvestêdetocht. Dat moat oars, tocht se, en se naam it inisjatyf foar de 'Onbeperkte 11-stedentocht'. In evenemint foar minsken mei in beheining dy't altyd oan de kant stean, en no de gelegenheid krije om sels yn de skynwerpers te stean.