Ried fan Steat stelt spuitbussefabryk Motip Dupli yn ûngelyk
It spuitbussefabryk Motip Dupli yn Wolvegea is ek yn heger berop troch de Ried fan Steat yn it ûngelyk steld. In ynspekteur stelde earder fêst dat der sprake wie fan eksploazjegefaar by it bedriuw. Motip Dupli wjerspruts dat en stapte nei de Ried fan Steat.
Fjouwer jier lyn konstatearre de Ynspeksje Sosjale Saken en Wurkgelegenheid dat der yn it fabryk ûnder mear wandkontaktdoazen en plafondlampen brûkt wurde mei 'ûntstekkingsboarnen'. Yn de kleurmakkerij hingje dampen dy't by in lyts fonkje al in flinke ûntploffing feroarsaakje kinne.
Neffens de advokaat fan it bedriuw is dêr in deteksjesysteem foar, dat de dampkonsintraasjes mjit. As dat oer de noarm komt, giet de stroom derôf. Mar neffens nije noarmen fan it ryk is dat systeem net goed genôch. De Ried fan Steat stelde de Ynspeksje dêryn yn it gelyk.