Coronafirus lôget wer op yn Fryslân; boarne fêststelle is lestich

It coronafirus liket wer oan terrein te winnen yn Fryslân. De ôfrûne twa dagen binne der 27 en 30 nije besmettingen by kaam. Neffens Everhard Hofstra fan GGD Fryslân is dat net allinnich ûnder jongerein, sa't earder it gefal wie, mar binne der ek wer besmettings fêststeld ûnder âlderein yn sikehuzen en ferpleechhuzen.
Coronafirus lôget wer op yn Fryslân; boarne fêststelle is lestich
Earder dizze wike neamde direkteur Margreet de Graaf fan GGD Fryslân de situaasje yn ús provinsje al soarchlik. Everhard Hofstra, dokter ynfeksjesyktebestriding by de sûnenstsjinst, befêstiget dat. "Het probleem dat we nu zien, is dat de besmettingen niet alleen plaatsvinden onder jongeren, maar ook bij ouderen en in ziekenhuizen en verpleeghuizen."
Om't it firus him stadichoan wer ferspriedt, is it drok yn de Fryske teststrjitten. Ek minsken dy't foarrang krije, lykas dosinten en soarchpersoniel, moatte somtiden langer as in dei wachtsje foar't se der telâne kinne. Hofstra: "We hopen dat we volgende week meer capaciteit krijgen in de laboratoria zodat we dat verder kunnen uitbreiden en de wachttijden afnemen."

Tsientallen kontakten

It tanimmend oantal besmettings soarget der ek foar dat de kapasiteit foar boarne- en kontaktûndersyk yn 'e knipe rekket. It falt Hofstra op dat minsken hieltyd mear fysike kontakten hawwe, wêrtroch't it dreech is om yn byld te krijen wêr't it firus krekt wei komt. "Door de toenemende aantallen contacten die men heeft, wordt dat steeds ingewikkelder."
GGD Fryslân © GGD Fryslân
It soe Hofstra dêrom net fernuverje as we yn Fryslân ynkoarten wer strangere maatregels oplein krije. "Als mensen zo veel contacten houden als we nu tegenkomen in het bron- en contactonderzoek - dat zijn soms tientallen mensen - dan gaat het hier ook weer de verkeerde kant op."

Doeltreffende maatregels

De hoareka wurdt neamd as wichtichste plak dêr't minsken besmet reitsje mei it coronafirus. Der binne lykwols twivels oer oft de hoareka wol echt sa'n besmettingskearn is as beweard wurdt. It is dêrom lestich om te besluten wat de doeltreffendste maatregels binne. Hofstra: "De grote vraag is nu: welke maatregelen kunnen wij nemen waarvan het effect zo groot mogelijk is om besmettingen te voorkomen, maar waarbij we de maatschappij zo veel mogelijk open kunnen houden."
Neffens Hofstra binne we no ôfhinklik fan de reewilligens fan minsken om har sels te hâlden oan de coronamaatregels. "Hoe beter die bereidheid, hoe groter de kans dat we van zware maatregels weg kunnen blijven." Oft we it firus yn Fryslân ûnder kontrôle hâlde, sil de kommende tiid bliken dwaan. "Dat vergt van iedereen een belangrijke inspanning. Ik hoop dat het lukt, maar het zou me ook niks verbazen als we hier een verdere toename gaan zien."
Everhard Hofstra fan GGD Fryslân