Onbeperkte Elfstedentocht fan start mei 34 dielnimmers

23 sep 2020 - 13:03

34 Dielnimmers lizze de Onbeperkte Elfstedentocht ôf. Dizze tocht fan goed 200 kilometer is foar minsken mei in beheining dy't oars altyd oan de kant stean, mar no sels yn de skynwerpers stean. Op alle ferskate wizen kinne se de Alvestêdetocht dwaan: op de duofyts, scootmobyl of achter de rollator. De start wie woansdei om 12.00 oere op it Wilheminaplein Ljouwert. De tocht duorret oant en mei snein.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Der binne foar de Alvestêdetocht yn totaal 65 ynskriuwingen, dêr't de 'buddy's' net by teld binne. Sandy Krijnen út Koarnwert hat de organisaasje yn hannen. "Dit is een doelgroep die aan de zijlijn staat en niet makkelijk mee kan doen met evenementen. Dit evenement is zo opgezet dat het voor hen mogelijk is om mee te doen."

Der is ferlet fan in evenemint dat omtinken hat foar minsken mei in beheining, fertelt Krijnen. Sa kin bygelyks it ferfier regelje foar minsken mei harren helpmiddelen fan de finish yn Dokkum nei de start yn Ljouwert bêst in logistike útdaging wêze. "Wat ook heel ingewikkeld is voor mensen die afhankelijk zijn van een rolstoel zijn de sanitaire voorzieningen. Mensen kunnen niet zomaar ergens naar de wc. Wij hebben nu om de 10 kilometer een rolstoeltoegankelijke Dixi staan, waar ook mensen die in een rolstoel zitten naar het toilet kunnen."

"Dit moat oars"

Krijnen hat sels MS. "In 2012 ging het heel slecht met mij en zat ik in een rolstoel. Toen zat ik aan de kant te kijken naar de Fietselfstedentocht, letterlijk aan de zijlijn. Toen is bij mij het zaadje 'dit moet anders' geplant."

Ek doe't se yn in rolstoel siet, wie fytse wat dat Krijnen noch wol dwaan koe. "In die tijd, 2012, was het niet toegestaan om de Elfstedentocht op een elektrische fiets te doen. Ik heb toen mijn eigen doelen gesteld, mijn doel was de top van de Mont Ventoux te bereiken." Doe't se de top fan de Frânske berch helle hie, woe se ek foar oare minsken mei in beheining de ûnderfining fan in doel stelle en it dêrnei tawurkjen mooglik meitsje. "De deelnemers van nu hebben de afgelopen weken, maanden, zo hard getraind, en vandaag gaan ze van start."

Ferslachjouwer Wytse Vellinga wie by de start mei Sandy Krijnen

It radioprogramma De middei Fan Fryslân hat alle dagen kontakt mei dielnimmers fan de tocht. Dizze woansdei is dat Hamke Meijer. Hy wie yn 2002 belutsen yn in ûngelok en hat dêrtroch in ynkomplete dwarslaesie oprûn. Hy docht de tocht mei in buddy op de duofyts.

De Onbeperkte Elfstedentocht wurdt hâlden fan 23 oant en mei 27 septimber. De organisaasje leit yn hannen fan Sandy Krijnen út Koarnwert. Se hat MS en sadwaande kin se net meidwaan mei har man oan de Fytsalvestêdetocht. Dat moat oars, tocht se, en se naam it inisjatyf foar de 'Onbeperkte 11-stedentocht'. In evenemint foar minsken mei in beheining dy't altyd oan de kant stean, en no de gelegenheid krije om sels yn de skynwerpers te stean.

(advertinsje)
(advertinsje)