Folle mear slachtoffers bernemishanneling en seksueel geweld freegje help sûnt corona

It oantal slachtoffers fan bernemishanneling en seksueel geweld dat online om help frege hat, is bot omheech gien sûnt de útbraak fan it coronafirus. Dat meldt de Ljouwerter helpferlieningsorganisaasje Fier. Dy die ûndersyk nei de lanlike sifers oer de perioade fan 1 jannewaris oant en mei 30 april fan dit jier.
© Fier
It oantal slachtoffers dat op de chat kaam foar bernemishanneling naam it meast ta: fan 470 persoanen yn jannewaris/febrewaris nei 851 yn maart/april. It oantal slachtoffers fan seksueel geweld rûn yn de lockdown op fan 557 nei 728. Online seksueel geweld en seksueel útrûpeljen fertrijefâldigen sels: fan 27 nei 76 en 27 nei 59.
Opfallend is dat partnergeweld de iennige foarm fan geweld is dy't net tanimt, mar sels licht ôfnimt: fan 258 nei 250. Mooglike ferklearring dêrfoar is dat sy yn coronatiid noch mear ûnder tafersjoch stiene fan harren partner en dêrtroch ek net online help freegje koene.

Bekende dieder

Mear as de helte (55%) fan de besikers jout oan him yn in akút ûnfeilige situaasje te befinen: fan 409 nei 703 persoanen yn coronatiid. Neffens Fier neame de minsken yn de chat hast altyd in bekende as de pleger. Yn hast de helte fan de gefallen (48%) is it in famyljelid. Yn mar 4 persint fan de gefallen is de pleger in ûnbekende fan it slachtoffer.
© Fier
Neffens Johannes Dijkstra fan Fier is it lestich om te sizzen oft it geweld yn de mienskip ek echt tanaam is yn coronatiid: "We kunnen het niet uitsluiten, maar een verklaring voor de toename zou ook kunnen zijn dat zowel de reguliere hulpverlening als meldende instanties tijdens corona meer op afstand zijn komen te staan, waardoor slachtoffers hier niet meer terechtkonden én er geen melding over hen kon worden gemaakt."

Mear tiid om te pikerjen

Dêrneist kin de lockdown en sosjale isolaasje dy't dêrop folge neffens Dijkstra ta gefolch hân hawwe dat slachtoffers mear tiid hiene om te pikerjen oer harren traumatyske ûnderfinings, wêrtroch't se der no graach mei ien oer prate wolle.
Der komme neffens de helpferlieningsorganisaasje sa'n 10.000 unike besikers yn it jier ôf op de chat fan Fier en der wurde mear as 20.000 chatpetearen fierd. De meiwurkers binne HBÛ-oplate helpferlieners. 'Chat met Fier' wurket ûnder oare gear mei de Kindertelefoon, Centrum Seksueel Geweld en NOC*NSF.
Johannes Dijkstra fan Fier