Warkumers biede petysje oan foar stillere N359

23 sep 2020 - 11:11

Hans Elsendoorn ferhuze ferline jier 'foar de rêst, romte en natuer' fan Almere nei Warkum. Oer de natuer en de Friezen is Elsendoorn goed te sprekken, mar de rêst falt bot ôf. "Het verkeer over de doorgaande N359 gaat dag en nacht door. En er wordt bovendien veel te hard gereden." Mei stedsgenoat Jitze Bakker hat er woansdei in petysje foar in stillere N359 oanbean op it Provinsjehûs yn Ljouwert.

Warkumers biede petysje oan foar stillere N359

Se fertsjintwurdigje 35 húshâldings, dy't it brief fan de Warkumers mei ûnderskreaun hawwe. It oanbieden fan de petysje waard bywenne troch fertsjintwurdigers fan alle politike partijen yn Provinsjale Steaten.

Elsendoorn reizget dêrom mei 'een positief gevoel' wer werom nei Warkum. Yn dy stêd krige er earder al besite fan steatelid Matthijs de Vries fan de ChristenUnie. Hy fynt dat de Warkumers seker in punt hawwe. "It is dêr wat in bysûndere situaasje mei oan de iene kant in wenwyk en oan de oare kant in grut yndustryterrein. It giet om in kilometer as trije, mar ik fyn wol dat dêr wat barre mei om de lûdsoerlêst te beheinen."

Foto: Google Maps

Fluisterasfalt

Yn harren petysje pleitsje de Warkumers foar it oanbringen fan 'fluisterasfalt' yn kombinaasje mei in lege ierden wâl. Dêrnjonken soe Elsendoorn ek graach in flitspeal sjen yn Warkum. "Er staat een 70 kilometer bord, maar er wordt veel harder gereden."

In lege ierden wâl hoecht neffens de Warkumers net it measte te kostjen. "We vragen niet om miljoenen, we denken dat de provincie met een paar ton al een heel eind komt." Ferantwurdlik deputearre Avine Fokkens fan ferkear harke nei belangstelling nei it ferhaal fan Elsendoorn. "We gaan hier serieus naar kijken", sa sei se ta.

In wichtige faktor by it ferkearslawaai is it grutte suvelfabryk fan FrieslandCampina flakby de N359, dêr't sân dagen yn 'e wike dei en nacht wurke wurdt. "Niks ten nadele van die fabriek, maar maak alsjeblieft de weg wat stiller, zodat de gezinnen aan de N359 's nachts beter kunnen slapen."

Harkje nei Hans Elsendoorn út Warkum

(Advertinsje)
(Advertinsje)