Drachten en Ljouwert yn lanlike top 10 hurdst troffen winkelgebieten

23 sep 2020 - 10:39

De sintra fan Drachten en Ljouwert stean yn de top tsien fan winkelgebieten dy't it hurdst troffen binne troch de coronakrisis. Dat meldt ûndersyksburo Locatus nei in beoardieling fan alle likernôch 2.500 winkelgebieten yn Nederlân.

It winkelsintrum fan Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Dat dizze sintra sa hurd troffen binne, komt ûnder mear trochdat se in soad hoareka en moadewinkels hawwe. Dy twa sektoaren binne swier rekke, diels om't minsken drokke plakken mije en fia it ynternet guod keapje. Mar ek om't se bygelyks minder behoefte hawwe oan in nije garderôbe fanwegen it gebrek oan feestjes.

Berikberens

Dêrneist komme minsken dy't nei de stêd gean no benammen mei de auto of de fyts. Stêden dy't net goed te berikken binne mei de auto, of hege parkeartariven hawwe, wurde dêrom minder besocht. Ek it oantal besmettings yn de regio hat ynfloed: yn regio's dêr't corona hurd taslein hat, gean minder minsken nei de stêd ta.

De Nieuwestad yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Nei trochrekkening fan de effekten skat Locatus dat de leechstân tanimme sil oant 9,9 persint ein 2021, tsjinoer 7,6 persint no. It ûndersyksburo skat dat ein folgjend jier sa'n 21.500 pannen yn Nederlân leechstean sille, mar jout wol oan dat dy analyze in momintopname is. Sa is it de fraach wat der barre sil as de stipemaatregels fierder ôfboud wurde en der in twadde weach komt.

Yn de top tsien fan hurdst troffen winkelsintra stean fierder Maastricht, Zwolle, Enschede, Arnhem, Den Bosch, Tilburg, Roermond en Goes.

(advertinsje)
(advertinsje)