Twa Cambuurspilers út foarsoarch yn karantêne

23 sep 2020 - 10:29

Twa spilers fan de earste seleksje fan SC Cambuur sitte foarearst yn karantêne, omdat yn 'de huiselijke sfeer' in posityf gefal fan corona konstatearre is.

Foto: Shutterstock

Foar safier bekend binne se sels net besmet, mar moatte se út foarsoarch thús bliuwe. Om hokker spilers it fan de Ljouwerter fuotbalklup giet is net bekend.

Mei de GGD wurdt besjoen wannear't se wer op in ferantwurde manier ynstreame kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)