Kollum: "Soer"

"It FNP-gemeenteriedslid Aant Soepboer neamde my soerder as syn eigen jittik. Dan brûkt hy, tinkt my, ferrekt sacht guod. Likegoed hat hy rjocht op in skiednisleske.
© Omrop Fryslân
Eelke Lok
Novimber 1951. Kneppelfreed. Fedde Schurer stiet foar it gerjocht om't hy in rjochter berneftich neamde, doe't dy in Frysk pratende fertochte net ferstean woe. Foar it earst en lêst ha de Friezen doe op it Saailân wat yn plysjes omslein. Dan komt der geâldehoer en, nei lange, lange jierren, ha we it rjocht krigen om Frysk te praten foar it gerjocht. Dat wurket net, om't der gjin tolken binne. As Fedde Dijkstra der net is, kin de ferfanging net iens begripe wat Jenny Douwes seit. De provinsje sil no sels tolken betelje, wylst Syrië net in sint betellet as der in Syriër foar it gerjocht moat.
Yn 1975 kaam ik werom yn Fryslân. Ik ha in soad yn sealen wurke. Altyd siet der wol ien dy't je net ferstie. It kaam my ynearsten de strôt út. We ha sels by in rjochtstreekse radioútstjoering wolris ien hân dy't frege oft de útstjoering net gewoan yn it Nederlânsk koe. Dat koe net, mar Omrop Fryslân waard wol twatalich. We tochten: se ha ek wol wat gelyk, guon ferstean it echt net. It boadskip fan Kneppelfreed siet net yn de hiele befolking.
Septimber 1980 krigen we dus in ferplicht oerke Frysk op de legere skoalle. Mar as de skoalle minder as fiif persint Frysktaligen hie, hoegde it wer net. Dus der binne in pear skoaltsjes op 'e doarpen dy't it in oerke dogge, wylst se oars de earste twa jier kompleet yn it Frysk diene. Dat mei net iens mear. Yn 1993 waard it ek ferplichte yn it fuortset ûnderwiis. Tsja, as dêr no fjouwer of fiif learlingen ekskamen dogge yn it jier, komme der al stikjes yn de krante.
Dertuskenyn wurdt it 1 jannewaris 1984. Gemeentlike weryndieling. De rieden setten har yn om de nije gemeenten stal te jaan. It wichtichste dêrby foar Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel wiene offisjele Frysktalige plaknammen. Yn Den Haag wiene se der mei oan en skoden it ôf op de PTT. Dat moast mar sizze dat it tefolle koste. Dy ha sawat fiif jier tsjinfochten. Wol ferlern, mar Boansterhim is noait ûntstien. En Tytsjerksteradiel wie de earste gemeente mei in one-issue gemeentebelangepartij, dy fan Hessel Bouma. 1990, it bertejier fan Aant Soepboer, kamen se mei fjouwer sitten, tsjin Fryske plaknammen, yn de ried.
Sa linkendewei ha nije weryndielingen ek oare gemeenten der ta brocht om dit ûnsingedoch troch te setten. It jout nammentlik hielendal neat. Foar 17 miljoen Nederlanners wenje ik yn Woudsend, foar in Fries is it Wâldsein. Prima dochs. En as je it op 'e buorden sette, ha dan net sokke idioate diskusjes as de Waadhoeke oer boppe of ûnder en as je it dogge, doch it as hiele provinsje. Al moatte je je dan ek wer realisearje dat soks noch neat seit as de Ljouwerter Krante it sels ferdomt om de offisjele provinsjenamme Fryslân te brûken.
Ik bin dus soer oer it Fryske gedrach ynsake it Frysk. As we it dogge, doch it dan gewoan. It heart sa. Dus net mear in orgasme krije as Willem-Alexander en Máxima wat Frysks brabbelje. En stim net mear op CDA-er Harry van der Molen. Doe't se him op 'e telefyzje fregen wat it wichtichste Fryske sintsje wie, sei hy 'bûter, brea'. It is gewoan 'ik wol in Beerenburgje ha'.
Skiednis. Yn 1962 ûntstie de FNP. Doe in taalpartij. It duorre mar efkes of PvdA en CDA hellen de FNP links en rjochts yn. Omdat, sa't se seine, se mear klear krije koenen. Ja, allegear formele dingen, mar je koenen der altyd wer ûnderút. Dat neam ik gjin belied meitsje. En ferdoary, yntusken is de FNP ek noch beliedspartij wurden. Oer it Frysk binne we net in meter foarút kaam. We binne in folk dat syn eigen taal net yn libben hâldt.
Ik bin soer. Net negatyf, Aant. As myn pakesizzers my yn it Frysk appe bin ik tefreden, ek al is it noch wat breklik skreaun. Dêrom Aant, soe ik dyn krêften mar brûke foar goed ûnderwiis yn ús Frysk. Want de polityk hat dêr noait in hout fan begrepen."