Plysje set fol yn op finen fan drugslabs en freget help fan boargers

23 sep 2020 - 08:36

It tal drugslabs dat de plysje yn Fryslân oprôle hat, is tanommen. Dat docht bliken út de sifers dy't de plysje woansdei bekendmakket. It giet yn ús provinsje lykwols mar om in pear labs. Yn 2019 binne der yn totaal trije labs troch de plysje fûn. Yn it earste fearnsjier fan 2020 binne dat der twa, mar de plysje giet der fan út dat dat noch mear wurde.

Drugslab yn Suwâld - Foto: De Vries Media

"De toename landelijk is substantieel", seit plysjewurdfierder Ingrid Coenen. "Het is nog te vroeg om iets definitiefs over de situatie in Friesland te zeggen maar dat we dit jaar al twee hebben gevonden is zorgwekkend. Het produceren van synthetische drugs is levensgevaarlijk, er is brand- en explosiegevaar. Dus die labs moeten er niet zijn."

De plysje ropt de help fan boargers yn om labs op te spoaren. "De locatie kan overal zijn, maar in het algemeen zitten ze op minder zichtbare plekken, zoals een afgelegen boerderij.

Tips

De plysje set fol yn op ûndersyk, mar ek tafal en tips binne belangryk. "We hebben mensen nodig voor tips. Dus we vragen de mensen om alert zijn, als ze iets verdachts in hun omgeving zien, bijvoorbeeld activiteit op rare tijden, of ze ruiken een chemische lucht, bel dan de politie.

Tips trochjaan kin op telefoannûmer 0900-8844 of anonym op 0800-7000.

Plysjewurdfierder Ingrid Coenen

Trefwurden: 
plysje drugslab
(Advertinsje)
(Advertinsje)