Nije Drachtster swimbad De Welle komt oan Sportlaan; ein oan diskusje fan tsien jier

Swimbad De Welle komt oan de Sportlaan yn Drachten, en net op it bedriuweterrein Tussendiepen, wat it sakekolleezje graach woe. Dat is tiisdei besletten yn de gemeenteried fan Smellingerlân. Der wiene 21 stimmen foar en tsien tsjin dizze lokaasje. Dêrmei kaam in ein oan tsien jier praten oer it nije swimbad, dat mear as 30 miljoen euro kostje sil.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Dit nije bad sil brûkt wurde foar rekreaasje, mar is ek geskikt foar topsport. Der koe keazen wurde út trije lokaasjes, neist de Sportlaan en Tussendiepen wie in tal partijen foar de lokaasje Noorderhogeweg. Dat amendemint waard fuortstimd. It amendemint fan D66 en GrienLinks helle it dus wol, want dy hiene foarsteld om it swimbad oan de Sportlaan te bouwen.

"Oant de ein ta spannend"

Roy Postma fan D66 is bliid dat it amendemint it rêden hat. "Super, de kûgel is einliks troch de tsjerke. It wie hiel spannend." Postma hie wol yn de gaten dat de lokaasje oan de Tussendiepen 'm net wurde soe. "Mar it spande der wol om. Oant de ein ta wie it spannend."
It CDA hie leaver sjoen dat der foar de Noorderhogeweg keazen waard. "Wy binne fan miening dat der in hiele moaie ûntwikkeling mooglik wêze soe en it wurdt 'm spitigernôch net", seit CDA-fraksjefoarsitter Karin van der Velde. "Wy fine wol dat dêrmei in kâns mist wurdt."
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Karin van der Velde, CDA en Roy Postma, D66
It plan moat útfierd wurde troch wethâlder Felix van Beek dy't dus seach dat syn eigen plan fuortstimd waard. Hy is wol tefreden. "Het was een netjes debat, we hebben een goede keuze gemaakt. Met de locatie Tussendiepen hadden we een hogere ambitie, voor heel Smallingerland. Maar het gaat om het belang van de gemeente, wat is daar de beste locatie voor. De Sportlaan is ook een goede locatie. Het wordt een prachtig geheel en de omgeving is ook enthousiast."
No sil de gemeente gau fierder mei it plan fan oanpak. It duorret noch wol oant 2023 of 2024 foardat it nije bad der is.
Wethâlder Felix van Beek