Aldegea (Sm.) krijt in monumint foar berntsjes dy't stil op 'e wrâld kaam binne

23 sep 2020 - 06:20

In pear jier lyn waard der hast net oer praat, mar it ûnderwerp wurdt net langer fuortstoppe: it krijen fan in stilberne berntsje, bern dy't yn de búk stoarn binne. Sûnt ferline jier kinne âlden fan in 'stilgeboren kind' it berntsje registrearje litte en dêrmei wurdt it berntsje hjoed-de-dei ek hieltyd mear erkend. Yn Aldegea (Smellingerlân) komt no ek in monumint foar de bern.

Aldegea krijt in monumint foar berntsjes

By de Protestantske Stichting Sint-Agathatsjerke yn Aldegea fine se it tiid wurden om stil te stean by de berntsjes yn it doarp dy't stil op 'e wrâld brocht binne. Famylje Van Hall út it doarp kaam by de gemeente mei it idee foar de stien. "We hawwe it der doe oer hân en fûnen it in goed idee. We hearden doe ek mear minsken ut it doarp dy't hjir mei te krijen ha", fertelt Arjen Bosgraaf fan de Sint Agathatsjerke. "Keunstner Roelie Woudwijk út De Pein is doe frege om in monumint te meitsjen."

Arjen Bosgraaf

Met mijn voeten in het verse lentegras
omringd door madeliefjes
fladdert een vlinder voor me uit.

Sa begjint it gedicht 'Stilgeboren Kinderen' op it monumint dat Roelie Woudwijk makket. It gedicht komt op in grienen graniten stien en komt te lizzen op it tsjerkhôf fan Aldegea. It gedicht komt leech yn it gers te lizzen. "Het lijkt alsof het gedicht op het gras valt. De steen is groen en er komen madeliefjes op. Ook ligt de steen een beetje schuin zodat het water er goed af kan lopen", fertelt Woudwijk.

De keunstner fûn it ek wol spannend om it monumint te meitsjen om't it om in kwetsber ûnderwerp giet. "Ik heb gekozen om het over een vlinder te doen, dat staat vaak symbool voor het stilgeboren kind". Woudwijk hat har ferdjippe yn it ûnderwerp en petearen fierd mei famyljes.

Roelie Woudwijk

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

It hiele gedicht wurdt foardroegen troch Roelie Woudwyk en is hjirûnder te hearren:

Roelie Woudwijk lêst it gedicht 'Stilgeboren Kind'

(Advertinsje)
(Advertinsje)