Ried Ljouwert wol De Harmonie en Neushoorn twinge ta mear gearwurking

22 sep 2020 - 22:55

Skouboarch De Harmonie en poppoadium Neushoorn moatte mear gearwurkje, dat fynt de gemeenteried yn Ljouwert. In mearderheid hat tiisdei yn de ried stimd foar in moasje fan D66, PvdA, CDA, PAL GrienLinks en ChristenUnie. Neffens de moasje moat it kolleezje de kommende jierren stjoere op in 'minder vrijblijvende' gearwurking. Der hawwe 28 riedsleden foar it foarstel stimd, 5 wiene der tsjin.

Poppoadium en kreative hotspot Neushoorn yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De organisaasjes moatte neffens de partijen op koarte termyn ferkenne oft it mooglik is om ta in oare organisaasjefoarm te kommen. Wol moat it merk Neushoorn yn stân bliuwe. Beide merken hawwe in bekende namme en soene der sterker fan wurde moatte. De befiningen soene foar 1 jannewaris 2021 oan de ried presintearre wurde moatte.

Eardere gearwurking net suksesfol

Neushoorn is al twongen ta in reorganisaasje fanwegen in coronafirus. De direkteur fan Neushoorn giet op 1 novimber fuort. Der is al in tal jierren sprutsen oer gearwurking tusken De Harmonie en Neushoorn, mar dat hat noch gjin sukses hân. In bestjoerlike fúzje soe net fuortendaalks finansjele foardielen hawwe, mar op de langere termyn soe it wol in mooglikheid wêze neffens in rapport fan buro KplusV.

Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(advertinsje)
(advertinsje)