Wettersportferiening Snits skrast alle wedstriden foar dit jier

De Koninklijke Watersportvereniging Sneek (KWS) hâldt dit jier gjin wedstriden mear. Dat betsjut dat de Roekoepôlerace en de Slutingswedstriden fan de kalinder helle binne. Dat jildt ek foar it Winterkampioenskip/Teamsilen Solo. "Onze wedstrijden hebben een bovenregionaal karakter en trekken ook deelnemers uit bijvoorbeeld het westen van het land. En uitgerekend die regio is aangewezen als oranje gebied," seit foarsitter Karst Doevendans.
© Koninklijke Watersportvereniging Sneek (KWS)
Neffens de KWS stiet de sûnens fan frijwilligers, dielnimmers en taskôgers foarop. Mei it each op it tanimmende tal besmettingen is de kar makke dat de wedstriden skrast wurde.