Trije jier sel foar oan gokken ferslave heit dy't soan deameitsje woe

22 sep 2020 - 20:30

In 49-jierrige man fan Ljouwert hat trije jier sel krigen om't er ferline jier besocht hat syn soan om it libben te bringen. De Ljouwerter wie ferslave oan gokken en woe jild liene fan syn soan, mar dy wegere dat. Der ûntstie in wrakseling en dêrby rekke de soan ferwûne oan syn earm. De famylje woe graach dat de heit help krije soe foar syn problemen. De rjochtbank hat dy winsk meinommen by it bepalen fan de straf.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Njonken dat de man de sel yn moat, hat de man ek in lokaasjeferbod krigen en hy mei trije jier lang gjin kontakt sykje mei syn soan. De rjochtbank hat besletten dat de soan in skeafergoeding fan 3.400 euro krijt.

Trefwurden: 
Ljouwert rjochtbank gokken
(advertinsje)
(advertinsje)