Proef: fergees de auto kwyt yn parkeargaraazjes Ljouwert op moarntiid

De parkeargaraazjes yn it sintrum fan Ljouwert binne yn novimber en desimber yn de moarntiid fergees. Sa moatte mear minsken al yn de moarntiid nei de stêd lutsen wurde. It is in inisjatyf fan Stichting Parkeergarages Leeuwarden, Stichting Binnenstadsmanagement en de gemeente Ljouwert.
© Google Street View
De measte minsken komme no tusken 14.00 en 16.00 oere middeis nei it sintrum fan Ljouwert. De ferwachting is dat se mei dit inisjatyf earder komme en dus langer yn de stêd binne en net allinne gean te winkeljen mar ek earne wat ite of drinke. Dat soe de Ljouwerter middenstân helpe moatte.
De fergeze parkearaksje rint fan 1 novimber oant en mei 31 desimber 2020 fan 9.00 oant 12.00 oere yn alle parkeargaraazjes fan Ljouwert: Zaailand, Oldehove, Hoeksterend, Klanderij en Oosterstraat.
"De aksje is bedoeld foar de ûndernimmers dy't it troch de coronakrisis lestich ha", seit wethâlder Friso Douwstra. "En ek om de besikers te stypjen om lokaal te keapjen." Nei dizze twa moannen hâldt de aksje wer op. "Jild om it struktureel te dwaan is der net."
Wethâlder Friso Douwstra