Sneltsjinst Koegelwieck hat noch hieltyd problemen

De problemen mei de rappe fearboat Koegelwieck fan Rederij Doeksen binne noch hieltyd net oplost. Doeksen lit de kommende twa wykeinen wer in tal ôffearten ferfalle. Fan oare ôffearen feroaret de tiid. Doeksen set dêr de oare rappe boat foar yn, de Tiger. De sneltsjinst Koegelwieck fart altyd tusken Harns, Skylge en Flylân.
Sneltsjinst de Koegelwieck © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Minsken dy't boekt hiene foar de Koegelwieck, wurde fan de wizigingen op de hichte brocht. En as it nedich is, wurde sy omboekt.