Snitser wyk Het Eiland op de kop: hierwenten moatte duorsumer

22 sep 2020 - 18:53

Gemeente Súdwest-Fryslân en wenningkorporaasjes Elkien en Accolade meitsje mei-inoar de wyk Het Eiland yn Snits duorsumer. Elkien pakt sa'n 320 hierwenten oan, Accolade docht itselde mei 134 hierwenten. De gemeente wol de wyk ierdgasfrij meitsje. Der is noch wol wat diskusje nedich oer de takomst fan de wyk. Want leit dy by ien- en twa-persoans húshâldens, of by húshâldens mei bern?

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Wethâlder Erik Faber fan Súdwest-Fryslân leit út dat it kombinearjen fan wurksumheden de bedoeling is: "In Het Eiland in Sneek staan ruim 900 woningen, die willen we van het aardgas af. En juist hier omdat Elkien van plan was om 321 woningen wilde opknappen en verbeteren. Dan is het slim om dingen te combineren."

Mark de Man follet him as wethâlder oan: "Het gaat om alle woningen in de wijk. We hebben een aantal onderzoeken laten doen, de plannen worden nog uitgewerkt. We willen ook van inwoners horen wat ze willen. We hebben een klimaatopgave, dus we willen in 2030 de boel klaar hebben. Dat kan, want we hebben ook te maken met grote spelers." Dêrmei bedoelt er de wenningkorporaasjes, dy't hûnderten wenten yn de wyk hawwe.

Ferslachjouwer Willem de Vries yn Snits

Direkteur Peter van de Weg van Elkien jout oan dat in opknapbeurt hurd nedich is: "We willen graag met bewoners in gesprek om te kijken wat de beste oplossingen zijn. We zitten dus helemaal voor in het traject. We willen het karakter van de wijk bewaren, het moet betaalbaar blijven en het aantal sociale huurwoningen moet ook bewaard blijven. We kijken vooral naar één- en tweepersoons huishoudens omdat wij denken dat dit de doelgroep van de toekomst is. Er moet wat gebeuren. We krijgen ook klachten van bewoners: tocht, overlast, geluid." Dêrom sjocht Elkien ek wol yn dat der wurk oan de winkel is.

Wykkomitee: tink oan húshâldingen mei bern

Piet Meijer fan it wykkomitee hat dochs noch wol in kritysk punt fan oandacht foar de bestjoerders fan de gemeente en de wenningkorporaasjes: "De urginsje is grut. It giet efterút hjir. Je kinne der in moai gehiel fan meitsje. Mar dat sy harren rjochtsje op 2-persoans húshâldingen is wol spitich. Want is tal bern is weromrûn. Der moat wat mear jong spul yn de wyk. Fan it bestjoer yn de wyk binne trije man boppe de 70. Dat jout it wol oan. Fierder kin ik my fine yn de plannen, hear. As der mar dúdlikens komt."

Peter van de Weg van Elkien en Piet Meijer fan it wykkomitee

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)