Friesland Lease is Fryske ûndernimmer fan it jier

22 sep 2020 - 18:07

Friesland Lease is de Fryske ûndernimmer fan it jier wurden. Foar de priis 'Friese Onderneming van het Jaar' wiene dit jier trije finalisten: Friesland Lease út Drachten, Oreel Groep út Hallum en Spinder Dairy Housing Concepts út Drachten. De sjuery sjocht nei fernijing, duorsumens en goed omgong mei personiel. De ferkiezing wie dit jier fanwege de corona online. Dit wiene de trije finalisten:

Foto: VFO Prijs

Jan Baljeu, direkteur fan Friesland Lease

Friesland Lease hat in grutte 'float', seit direkteur Jan Baljeu. Dy bestiet út goed 9.000 auto's en hast 20.000 fytsen. Fierder hawwe se 400 hierauto's, dy't hierd wurde kinne fan in oere oant seis of sân jier. Nij yn it weinpark is in wetterstofauto, dy't in eigen brânstoffoarsjenning hat. Gas wurdt brûkt om elektrisiteit te meitsjen. Wa't gau efkes de stêd yn wol, kin ek in Carver hiere by Friesland Lease. Dat is in soart elektroscooter op trije tsjillen. Hy kin net hurder as 45 km yn de oere.

Jan Baljeu

Oare finalist: Spinder Dairy Housing Concepts

Spinder Dairy Housing Concepts yn Drachten makket 'meubilêr' foar lisboksstâlen, sa't direkteur Johannes Bottema it sels omskriuwt. Ferline jier binne se nei in nije lokaasje ferhûze. Nij yn de produksje is in saneamde 'cuddle box'. In ko stiet dêryn as er keallet. It keal wurdt foar de ko dellein, sadat de ko rêstich wurdt en de boer it bist better melke kin. En it nijste fan it nijste: in stek foar yn de stâl datst mei in app op en delgean litte kinst.

Johannes Bottema

Oare finalist: Metaalbedriuw Oreel

Metaalbedriuw Oreel yn Hallum wie ek foardroegen. Dêr wurde produkten makke fan de grutte fan in dûbeltsje oant grutte platen fan wol 3,5 meter breed. It giet om healfabrikaten dy't by de klant yninoar set wurde. Oreel leveret behuzingen foar masines yn produksjestrjitte yn de suvel- en lânbouyndustry, bygelyks sortearmasinen foar fruit. Wat Oreel bysûnder makket is dat se multy-ynsetber personiel hawwe, sadat se yn koarte tiid maatwurk leverje kinne oan de klant, seit teamlieder Klaas Jan de Goede. By Oreel wurkje se net allinnich mei swiere masines, mar ek mei kompjûterstjoerde masines.

Klaas Jan de Goede

(Advertinsje)
(Advertinsje)