UNIS Flyers komt 120.000 euro tekoart: besunigje, lean ynleverje en donaasjes

22 sep 2020 - 18:29

IIshockeyklup UNIS Flyers fan It Hearrenfean docht al desennia mei op it heechste nivo, mar om dat fol te hâlden moat der jild komme. De klup komt mear as 120.000 euro tekoart. De coronakrisis hat de Flyers hurd troffen en der is jild nedich om derfoar te soargjen dat de Flyers yn de BeNeLeague bliuwe kinne. De klup freget dêrom om help.

Foto: Martin de Jong

UNIS Flyers-foarsitter Henk Hoekstra: "It is in berekkening dy't makke is nei de situaasje fan maart, doe't de corona kaam en wy mei de kompetysje ophâlde moasten. Twa dagen foar de heale finale lei de boel stil. Wy fertsjinje it measte jild mei dy lêste wedstriden, mar dy hawwe wy net spile. Der binne allegearre stipemaatregels, mar net foar ús as klup. Gewoanwei einiget de boel op 1 april, dan binne der gjin aktiviteiten mear. Dus wy koene ek net bewize dat wy folle minder ferstjinnen. Subsydzjeregelingen dêr komme wy dus spigernôch net foar yn oanmerking."

Mear as 120.000 euro tekoart

De klup hat ek te krijen mei beheiningen troch de coronamaatregels. Bygelyks yn it stadion. "Maksimaal kinne der sa'n 650 minsken by, oars binne dat der yn trochsneed 1.800 man. Dus wy misse ynkomsten. Wy krije ynkomsten út sponsoaren en publyk. Alles byinoar: je komme goed 120-125.000 euro tekoart. Dat betsjut dat wy aksje ûndernimme moatte of wy moatte akseptearje dat wy in difyzje omleech moatte. Dan reitsje wy in soad kwyt wat wy opboud hawwe. Dat wolle de spilers ek net."

Besunigje, salaris ynleverje en donaasjes

Dêrom besiket de klup jild byinoar te krijen. "As earste troch te besunigjen, bygelyks op iten en oare lúkse, dan kinne je in tredde besparje. As twadde hawwe wy de spilers frege om salaris yn te leverjen. Dêr lykje wy wol út te kommen. En dan bliuwt der noch wat oer, san 37.500 euro. Dat wolle wy by sponsoaren en fans helje. Wy sitte no op sa'n 12.000 euro nei in dei, dus dat liket netsjes. Mar wy moatte it wol binnen krije, allinne sa kinne wy spyljen bliuwe op BeNeLeague-nivo. Op 1 novimber moatte wy oanjaan oft wy spylje of net, dus 30 septimber is echt de deadline. Mar it is noch net útiten."

Thialf en Flyers saaklik in ein útinoar

By de problemen komt nochris de hegere hier fan Thialf op. "Wy hawwe noch in petear mei Thialf stean dizze wike. Thialf hat ek finansjele problemen, dêrom moatte wy 10 persint mear hier betelje en de skjinmakkosten wurde trochrekkene. It soe elts jier 15.000 euro kostje moatte, dat is foar ús net reëel. De petearen geane yn harmony, mar saaklik sjoen steane wy aardich útinoar."

Foarsitter Henk Hoekstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)