Berne-opfang Sinne Ljouwert moat kreatyf wêze mei roasters yn coronatiid

22 sep 2020 - 16:53

Berne-opfangorganisaasje Sinne yn Ljouwert lûkt alle registers iepen om de kwaliteit fan de opfang op peil te hâlden. Yn de lêste wiken binne der in soad siikmeldings fanwege corona. Om de roasters op de krap fjirtich lokaasjes rûn te krijen, freget Sinne oan de GGD guon easken oan de meiwurkers te ferromjen. Sinne hat dei-opfang en BSO.

Foarbyldfoto fan in pjut op de berne-opfang - Foto: Shutterstock.com

Sinne-berneopfang yn Ljouwert hat sawat fjouwerhûndert meiwurkers. De útfal leit sa om de 8 prosint. Om de roasters op de krap fjirtich lokaasjes foarinoar te krijen, freegje se oan de GGD om guon easken oan de meiwurkers te ferromjen.

Ekstra tsjinsten

It is in hiele put om de roasters klear te krijen, fertelt manager bernesintra Sinne Laura Hollander. De coronasiikmeldings komme boppe-op de reguliere ôfwêzigens troch ferlof, fakânsjes of oare sykten. Se losse it oant no ta op trochdat de kollega's ekstra tsjinsten draaie.

Taaleask ferfalt

Under Sinne falle dei-opfangen en bûtenskoalske opfangen op ferskate lokaasjes. De regels binne frij strang, mar as it moat meie se dy wat loslitte, troch bygelyks in taaleask farre te litten. Dêrfoar dogge se opnij in berop op de kûlânseregeling fan de GGD. Yn maart en april hawwe se dêr ek al in berop op dien.

Nij personiel

Sinne besiket mei in wervingskampanje oan nij personiel te kommen. Dy is is pear wiken ferlyn begûn en de earste petearen binne al fierd. Meikoarten kinne de earste nije meiwurkers begjinne.

Yn it uterste gefal sluting

De âlden hawwe begryp foar de situaasje, mar se hawwe ek soargen, seit Hollander. As Sinne net mear ynstean kin foar de kwaliteit, folget yn it alderuterste gefal sluting fan in lokaasje.

Laura Hollander

(advertinsje)
(advertinsje)