Fries Landbouwmuseum hat yntusken 53 sponsoaren byinoar

22 sep 2020 - 16:40

It Fries Landbouwmuseum yn Ljouwert hat yntusken in sponsorgroep byinoar dy't út 53 bedriuwen, organisaasjes en fûnsen bestiet. Ein juny waard bekend dat it museum nei 1 jannewaris 2021 gjin subsydzje mear krijt troch de nije ferdieling fan it kultuerjild fan provinsje Fryslân. It lânboumuseum krige elts jier sa'n 185.000 euro en hie krekt ekstra jild oanfrege foar nije plannen. Troch it beslút drige it museum de doarren slute te moatten. Dêrom gie it Fries Landbouwmuseum op syk nei donateurs.

It Fries Landbouwmuseum yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Oan it Fries Landbouwmuseum wurdt ek it Nationaal Veeteelt Museum taheakke. Neffens de sponsoaren giet sûnder strukturele finansjele stipe de unike agraryske erfgoedkolleksje ferlern.

Dat is ek wat fersekerder Ynte Kuindersma fan De Jouwer oanjout, dy't him koartlyn oansletten hat by de sponsoaren. "Kennelijk heeft de provinciale overheid niet in de gaten hoe belangrijk en waardevol die collectie is. Wij laten zonder het Fries Landbouwmuseum een deel van onze geschiedenis vervagen. Bovendien draagt het museum bij aan educatie en wordt de aandacht gevestigd op het nut van de boer voor onze economie en voor de omgeving," jout Kuindersma oan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)