Dichter fan Fryslân Nyk de Vries begjint yn Wolvegea mei skoalletoer

22 sep 2020 - 13:25

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries is úteinset mei in toernee by skoallen yn de provinsje del. As earste wie tiisdei it Terra Wolvegea oan bar, in gebiet dêr't fan âldher gjin Frysk, mar Nedersaksysk praat wurdt. De Vries lies koarte Frysktalige fragminten foar op muzyk. De learlingen fûnen it "leuk en leerzaam".

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries begjint yn Wolvegea mei skoalletoer

"Us heit woe it leafst dat ik nei de mavo gie yn Burgum. In moai lyts skoaltsje, sei er. It waard it Lauwers College yn Bûtenpost. In grutte streekskoalle sa't der safolle binne yn Fryslân. Jongerein út de wide omkriten giet derhinne. Elke moarn wer. Op de fyts yn grutte kloften."

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries op middelbere skoalle yn Wolvegea. - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Mei de litertuer-dichtles yn de boppebou havo/vwo wol Nyk de Vries sjen litte wêrom't literatuer sa moai wêze kin. "Ik begjin mei in ferhaal oer spikers en ús heit. Dêrmei wol ik sjen litte dat it net oer ferheven dingen giet, mar oer gewoane dingen. De wrâld yn de boeken kin dy wat leare oer dyn eigen wrâld."

Nyk de Vries

Skoallen dy't de Dichter fan Fryslân ek útnûgje wolle foar it jaan fan in literatuerles, moatte der rap by wêze. Nyk de Vries is hast folboekt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)