Dalstra Reizen Surhústerfean freget fallisemint oan, takomst personiel ûnwis

22 sep 2020 - 12:23

Dalstra Reizen yn Surhústerfean hat by de rjochtbank yn Ljouwert it fallisemint oanfrege. It touringcarbedriuw is hurd troffen troch de coronakrisis en koe net oars as dit beslút nimme, sa stiet yn in ferklearring. Der wurkje 35 minsken by it bedriuw.

Dalstra Reizen fallyt

Neffens Dalstra Reizen is njoggentich persint fan de omset fuortfallen. De stipemaatregels fan de oerheid binne net foldwaande, om't it bedriuw in grut part fan de reguliere kosten sels betelje moat. Omdat der no en de kommende jierren te min perspektyf wêze sil op herstel, koe der gjin oar beslút naam wurde, neffens de direksje.

Dizze simmer waard al bekend dat Dalstra it tige dreech hie fanwegen de enoarme delgong fan it tal ritten.

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Bestjoerder Loes Dreschler fan it fakbûn CNV is tiisdei op 'e hichte brocht fan de situaasje by Dalstra. "Het komt toch wel als een behoorlijke klap, het is een hecht bedrijf waar zo'n 40 mensen werken. Het is ook een familiebedrijf. Dit was niet per se de verwachting, men zag het niet aankomen. Eigenlijk ging het voor corona hartstikke top en in de zomer werden we ondanks het virus toch weer wat positiever omdat het aantal besmettingen wel afnam. Er konden weer wat reizen vastgesteld worden."

Fersleinens

Dêrom binne de meiwurkers wol skrokken. "We horen nu enige verslagenheid. We zullen nog een bijeenkomst organiseren om meer te horen, maar dit is een eerste reactie." Neffens Dreschler is Dalstra net de earste, mar ek net de lêste. "Ik heb al wat faillissementen voorbij zien komen, maar dit is wel een echt een bekende touroperator. Dit is een overmacht-situatie. Men reist niet of minder. Maar het zal bij de concurrent niet minder zijn. Er is nu een curator bekend, die zal het personeel inlichten over de toekomst. Soms is er een doorstart mogelijk, al lijkt dat mij vanwege corona moeilijk. Allereerst moet wel de uitspraak van de rechter komen, maar daar gaan we wel vanuit."

Bestjoerder Loes Dreschler fan it fakbûn CNV

(Advertinsje)
(Advertinsje)