Manager Tim Douwsma: "#ikdoenietmeermee bedoeld om tsjinlûd hearre te litten"

It statement #ikdoenietmeermee komt hurd oer, mar it giet om it coronabelied fan it ryk. Dat seit de manager fan Tim Douwsma. De sjonger wol sels net reagearje op de opskuor troch de aksje op sosjale media. Dy soe bedoeld wêze om it rjocht op krityske fragen foar it fuotljocht te bringen. Net as oprop om de coronaregels net mear op te folgjen.
© Omrop Fryslân
Soarchpersoniel hat gjin goed wurd oer foar de protestaksje fan meardere BN'ers tsjin de coronaregels fan it kabinet. Artysten as Tim Douwsma, Famke Louise en Bizzey melden moandeitejûn op sosjale media dat se de coronaregels net mear folgje wolle. Under de hashtag #ikdoenietmeermee easkje se "dúdlikheid, earlikheid en transparânsje" fan it kabinet.

"Coronagekkie"

De aksje is bedoeld as in statement om in tsjinlûd hearre te litten, seit manager Marcel Wentink fan Tim Douwsma. Ast fraachtekens setst by de corona-oanpak fan no, wurdst faak besjoen as in 'coronagekkie'. Neffens him komt in grutte groep fan sawat 2500 dokters en biologen dy't in oar ferhaal hawwe, hast net oan it wurd yn de media.

Frij lân

De post # ikdoenietmeermee begjint in eigen libben te lieden. Minsken lêze it hiele ferhaal dêrûnder faak net, seit Wentink. De manager is net benaud foar reputaasjeskea foar Tim Douwsma: "We leven in een land waar vrijheid van meningsuiting hoog in het vaandel staat."

Dokter docht ek net mear mei?

De protestaksje hat in soad reaksjes opsmiten op sosjale media. Soarchpersoniel hellet hurd út nei de artysten. "Mensen die meedoen aan #ikdoenietmeermee nodig ik graag uit om een kijkje te nemen op de ic", sa seit in ferpleechkundige. Ek kabaretier Claudia de Breij is ferbjustere oer de aksje. "Mogen de artsen als jij hulp nodig hebt dan ook zeggen #ikdoenietmeermee?"

Oprinnend tal besmettingen

De oprop komt op it momint dat it tal besmettingen yn ús lân bot tanimt. Moandei melde it RIVM 2223 nije coronabesmettingen yn Nederlân. Yn Fryslân waarden snein 45 nije besmettingen meld. Dat wie it heechste oantal ea yn ús provinsje op ien dei.