Stichting Nijkleaster freget help fan publyk foar boek oer keunstner Jentsje Popma

22 sep 2020 - 09:21

Stichting Nijkleaster yn Jorwert is op syk nei ynformaasje oer al it wurk fan keunstner Jentsje Popma. Popma is hast 99 jier, en foar syn 100ste jierdei wol de stichting omtinken jaan oan al syn wurk.

Foto: Omrop Fryslân

De stichting wol takom jier maaie in tentoanstelling hâlde yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Om dy tiid hinne moat ek in boek klear wêze oer it wurk fan Popma. Dat wurdt ûnder mear makke troch Jan Henk Hamoen fan de Stichting Nijkleaster.

"Geen duidelijk overzicht"

Popma hat troch de jierren hinne in soad skildere, mar ek in soad oare keunstwurken makke. "Het beeld van Anne Vondeling in Leeuwarden bijvoorbeeld", neffens Hamoen. "En het werk van Piet Paaltjens in dezelfde stad. Dat zijn bekende werken, maar men koppelt het vaak niet aan de naam van Jentsje Popma. Er is geen duidelijk overzicht van alle werken die hij heeft gemaakt."

Yn 2015 hat Jentsje Popma syn atelier yn Ljouwert en alle skilderijen en keunstwurken skonken oan Stichting Nijkleaster.

Om dat oersjoch te meitsjen, is it wichtich dat der takom jier in boek komt. Dêrfoar ropt de stichting de help yn fan minsken yn Fryslân. Nijkleaster heart graach fan minsken wêr't wurk fan Popma hinget, en wat it ferhaal derachter is. It giet dan benammen om skilderijen fan partikulieren. "Dat kunnen we niet zo makkelijk op het spoor komen."

Sinjatuer

It wurk fan Popma is goed te herkennen oan syn bysûndere wize fan ûndertekenjen. "Dat doet hij als de verf nog nat is. Hij krast dan zijn naam in de verf. Dat is een heel herkenbaar onderdeel van zijn schilderijen."

Jan Henk Hamoen fan Stichting Nijkleaster

Yn maaie takom jier moat it boek klear wêze. Dat makket dan ûnderdiel út fan de tentoanstelling yn Ljouwert. Minsken dy't wurk fan Postma te hingjen hawwe, of ynformaasje hawwe oer syn wurk, kinne fia de webside fan Stichting Nijkleaster kontakt opnimme.

Besjoch de dokumintêre oer Jentsje Popma út 2016:

(Advertinsje)
(Advertinsje)