Kollum: "'Gjin fibrator op fuotbalshirt"

"Yn it ljocht fan alle wichtige saken yn de wrâld wie it in berjocht dat net folle om 'e hakken hie: fuotbalklup Emmen mei fan de KNVB net yn see gean mei erotykwebshop EasyToys as shirtsponsor. It merk soe yn striid wêze mei 'de goede seden'. Sa't ik sei, in berjocht fan neat, mar dochs opfallend genôch om by stil te stean.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De toan fan Willem Schoorstra
Want wêrom soe dat net kinne, en bygelyks in wedbedriuw as TOTO wol? Gokke is dikke prima, mar seksboartersguod is taboe. It risiko fan finansjele ellinde dat troch gokken ûntstean kin is blykber maatskiplik akseptearre, yn tsjinstelling ta it brûken fan ûnskuldige middels foar fysike ûntspanning.
Fansels is in logo fan EasyToys op in fuotbalshirt wol wat oars as it logo fan de TOTO. Boppedat, in alvetal dat mei in fibrator of in dildo op it shirt omrint kin allicht net. De spilers soene ek foar lul stean. Nee, Emmen en EasyToys hiene dêr al in oplossing foar betocht: minderjierrigen koene allinne in shirt keapje sûnder it EasyToys-logo derop. Dochs wie dat foar de drûge prommen fan de KNVB net foldwaande, it bleau in njet.
Dy beslissing fan it bûn is as it missen fan in kâns foar iepen doel. Want út ûndersyk hat bliken dien dat der in grutte oerienkomst bestiet tusken fuotbal en seks. Fuotbalsupporters wurde nammentlik krekt sa opwûn fan it sjen nei in wedstryd as wilens in hite frijpartij. Mear as 70% fan de steltsjes dy't oan dat ûndersyk meidiene, hiene nei ôfrin fan in wedstryd bettere seks. Manlju reitsje mear opwûn neigeraden harren tiim faker skoart. Froulju soene jûkte yn it ûnderliif krije fan dy kreaze, switterige fuotballers op it skerm, en soene dy lusten mar al te graach op harren partners útwierje.
Ien en oar hat te krijen mei it testosteronnivo, dat sawol by manlike as froulike supporters by it sjen nei in wedstryd troch it dak giet. Oft harren tiim it goed docht of net. No bin ik gjin ûndersiker. Likegoed sjoch ik ek genôch oerienkomsten tusken seks en fuotbal. Dy binne foaral yn it taalgebrûk werom te finen, yn situaasjes dy't harren yn it fjild foardogge.
Dielnimmers switte ommers op itselde momint, der wurdt treaun en lutsen, bytiden troch it midden penetrearre en djip gien. Soms wurdt der in skynbeweging oer de flank útfierd. Foar de wedstryd is it net ûngebrûklik dat de ballen op stevichheid kontrolearre wurde. Yn in protte gefallen leit it fjild der goed wiet by, en kin in foarset der sa ynglide wurde. En dan ha ik it noch net iens oer de warming-up, it knipen, dekken en trochdekken, it ôfstraffen en oankleven. Mei as einbeslút in fantastysk skot yn it krús: 'JAAAAAAAA!'"