Nij reedrydseizoen yn iisstadion Thialf fan start

22 sep 2020 - 08:04

Yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean kin it reedriden wer begjinne. It nije reedrydseizoen giet dizze tiisdei fan start. Besikers kinne jûns wer ride op de 400-meterbaan yn de iishal, mar fanwegen corona giet it by Thialf dit jier wol oars as oars.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

By it reedriden sels is der net folle feroare, fertelt direkteur Marc Winters fan Thialf. "Tijdens het sporten hoef je geen rekening te houden met de afstandsregels; dat geldt in dit geval natuurlijk ook voor het schaatsen", neffens Winters. "Maar een van onze grootste uitdagingen is om de bezoekersstromen uit elkaar te trekken."

De sintrale hal fan Thialf is gewoanwei in moai moetingsplak, mar mei de coronamaatregels is dat feroare. Allinne minsken dy't ek echt te reedriden sille, binne wolkom yn de hal. "Vorige week hadden we al schaatslessen", fertelt Winter. "De ouders wordt dan gevraagd in de horeca te wachten, of buiten. Je wilt zo weinig mogelijk mensen binnen hebben, als ze niet op het ijs hoeven te staan."

Reservearje

Minsken dy't ynkoarten wer it iis fan Thialf opsykje wolle, moatte dat wol yn it foar oanjaan. In kaartsje keapje oan de kassa is der net mear by. "De meeste mensen zijn dat nog wel gewend, maar dat kan nu absoluut niet. Mensen moeten reserveren, dat kan online."

Winters hat nocht yn it nije reedrydseizoen, mar ropt minsken op harren te hâlden oan de maatregels. "Onze grootste zorg is dat we twee weken dicht moeten door een uitbraak."

Direkteur Marc Winters fan Thialf

(Advertinsje)
(Advertinsje)