Dieke Broersma wiis mei ûntwikkelingen yn alzheimerûndersyk: "Elke ontwikkeling is er één"

Hoe lyts of grut de ûntwikkelingen oangeande it alzheimerûndersyk binne, foar Dieke Broersma binne se allegear wichtich. Dieke is de frou fan âld-Omropper Dirk Baron. Hy hie alzheimer en donearre nei syn dea trije jier lyn syn harsens oan de wittenskip. Se is bliid mei de trochbraak: "Elke doorbraak is een stapje richting de genezing, een medicijn of een betere behandeling voor deze ziekte. Ik denk dat alles wat er gebeurt voor de toekomst heel goed is."
Reaksje Dieke
Moandei waard bekend dat der ynkoarten mei in simpele bloedtest sjoen wurde kin oft ien alzheimer hat. Wat ek opfoel yn de ûndersiken nei harsens dat de sykte by jonge minsken mei alzheimer, lykas Dirk, der oars útsjocht as by âlde minsken. De ûndersiker seit sels dat it hast in oar sykteproses is.

Held

Broersma is wiis mei de ûntwikkelingen en dat har Dirk hjir wat yn betsjutte koe. "Hij heeft dit natuurlijk met een reden gedaan. Hij wist dat hij niet meer beter zou worden. Hij heeft toen gezegd: Ik heb er niks meer aan, maar voor de toekomst van mijn kinderen en voor wie dan ook, vind ik het belangrijk om mee te doen aan onderzoek."
Dieke fynt hjirtroch har man in held. "Maar ook alle andere mensen die dit soort beslissingen nemen vind ik helden. Als je ziet wat hier achter weg komt, dan vind ik dat echt heel bijzonder."
© Omrop Fryslân

Dirk Baron

Jierrenlang wie hy ien fan de gesichten fan Omrop Fryslân: ferslachjouwer en presintator Dirk Baron fan Drachten. In suksesfolle karriêre en in bliid libben, it libben lake Dirk ta oant er yn 2015 de ferpletterjende diagnoaze alzheimer krige.
Op 28 novimber 2017 naam Dirk Baron op 37-jierrige leeftiid ôfskied fan it libben. Twa moanne foar syn ferstjerren is in minydokumintêre makke oer Dirk en syn gesin. En hoe't se omgean mei syn sykte.
Nei syn ferstjerren hat Dirk syn harsens donearre oan de wittenskip, sadat der mear ûndersyk dien wurde kin nei alzheimer.
© Omrop Fryslân

Hoe is it no mei Dieke en de bern?

Sawat trije jier nei de dea fan Dirk giet it bêst aardich mei Dieke. Sa no en dan noch wolris mei ups en downs. "Dirk had er gewoon bij moeten zijn", fertelt se. "Maar we hebben het een plekje kunnen geven en in die zin is Dirk ook bij ons. Hij was niet de persoon die bij de pakken neer zou gaan zitten en dat doen wij dus ook niet."
Het is weer tijd voor een nieuwe stap.
Dieke Broersma
"Dirk is nog gewoon in ons dagelijks leven. De ziekte blijft ook wel een rol spelen. Dementie is veel in het nieuws. Ik ben er zelf ook steeds mee bezig omdat ik het belangrijk vind dat er aandacht voor is. Ik wil nog steeds voortzetten waar Dirk mee begonnen is."
Dizze perioade is foar Dieke ek wer in 'markearing'. Se ferlit it hûs dêr't se sa lang mei Dirk wenne hat en ferhuzet nei in wenning wat tichter by it sintrum yn Drachten. "Het is weer tijd voor een nieuwe stap", sa seit se.

"Je moet hoop houden en dat medicijn komt er"

Op de fraach oft en wannear't der in medisyn op de merk komt foar alzheimer seit Dieke dat se altyd hoop hat. "Ik zie altijd die stip aan de horizon. In de jaren '70 en '80 was je met hiv/aids ook ten dode opgeschreven en moet je nu eens zien. Je moet hoop houden en dat medicijn komt er."