Fytsedief (30) oppakt yn Ljouwert
De plysje hat moandeitemiddei op it Hoeksterend yn Ljouwert in 30-jierrige fytsedief út de stêd oanhâlden. De man hie koart dêrfoar in 17-jierrige jonge bedrige mei in mes en dêrnei de fyts fan it slachtoffer stellen.
It slachtoffer die oanjefte en koe in goed sinjalemint trochjaan. Op basis dêrfan is de fertochte oanhâlden. De man wegere mei te wurkjen oan in bloedproef en hat dêrfoar ek proses-ferbaal krigen. De Ljouwerter sit noch fêst foar ûndersyk.