Soargen oer bou nij Cambuurgebiet by buertbewenners: hoe komt it mei de oerlêst?

21 sep 2020 - 23:02

Noch efkes en dan sil de bou fan it nije Cambuurstadion lang om let los. De omwenners ha lykwols noch soargen oer hoe't it komt mei oerlêst fan de heipeallen dy't de grûn ynslein wurde. Sa die moandeitejûn bliken op in ynformaasjegearkomste yn it WTC.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

By de ynformaasjegearkomste, dêr't de gemeente, in boubedriuw en in fastfoodketen sprutsen oer de takomst by it gebiet, kamen in tal fragen fan omwenners. Herma Dijkgraaf, dy't út namme fan de omwenners sprekt, seit dat der twa dingen wichtich binne. "Allereerst wordt er van 's ochtends vroeg tot 's avonds met heipalen gewerkt. Dat is net in de periode dat mensen thuiswerken door deze coronacrisis. Dan zit je dus de hele dag in dat geluid."

Omkearde bewiislêst

Dijkgraaf hopet dan ek dat de gemeente nei dy soargen sjocht. It twadde probleem is neffens har de ôfhanneling fan skea. Skea oan wenten binnen 50 meter behannelet de gemeente. Dêrbûten moatte de minsken sels yn aksje komme as se dochs skea ha fan de heipeallen. Sy moatte dan oantoane dat dy skea troch de wurksumheden komt. "Dan krijg je omgekeerde bewijslast. Dat is ongelooflijk moeilijk aan te tonen", seit Dijkgraaf. "Dat hadden we bij de werkzaamheden op het Europaplein ook. Toen kregen we niets te horen van de gemeente."

Buertbewenner Herma Dijkgraaf hat soargen

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Neffens wethâlder Hein de Haan binne de wurksumheden fan it Europaplein oars as no. "Daar hebben we toen van geleerd en we willen nu ook beter met de burgers in overleg."

Oerlêst is dreech foar te kommen

De oerlêst dy't minsken krekt no krije kinne no't se thúswurkje, fynt De Haan spitich, mar dy binne net foar te kommen. "Als er gebouwd wordt, kan men nu eenmaal overlast krijgen. Dat is lastig om te voorkomen. We doen uiteraard ons best om die tot het minimum te beperken, maar volledig weghalen is niet realistisch."

Oer trije wiken begjint de bou fan de supermerk en de fastfoodketen. Dy moatte yn maart klear wêze. Yn de twadde faze begjint de gemeente mei de bou fan it nije Cambuurstadion. "Wanneer dat precies is, kunnen we nu nog niet zeggen."

Wethâlder Hein de Haan oer de soargen fan de bewenners

(advertinsje)
(advertinsje)