SC Hearrenfean ferhiert Runar Espejord oan Noarske klup

SC Hearrenfean ferhiert Runar Espejord foar de rest fan it kalinderjier oan it Noarske Tromsø. De 24-jierrige spits slút fuortendaliks oan by de klup út de earste difyzje.
Runar Espejord © Martin de Jong
Espejord makke foarich seizoen yn de winter de oerstap fan Tromsø nei It Hearrenfean. Hy kaam acht kear yn aksje.
"Door fysieke omstandigheden en het vroegtijdig beëindigen van de eredivisie door corona, heeft Runar niet veel gespeeld. De komende drie maanden kan hij in een vertrouwde omgeving weer aan spelen toe gaan komen om weer wedstrijdritme op te doen. We hebben er vertrouwen in dat Runar in januari weer aansluit bij de groep", liet technysk manager Gerry Hamstra fan SC Hearrenfean witte.
Espejord spile earder al 107 offisjele wedstriden foar de Noaren. Hy makke 25 goals.