Hege keninklike ûnderskieding foar Hans de Boer

21 sep 2020 - 21:11

Hans de Boer is beneamd ta Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau, om't er him 'bijzonder verdienstelijk' makke hat foar de maatskippij. De beneaming wie by it offisjele ôfskied fan de ûndernimmersorganisaasje VNO-NCW. Hy wie dêr seis jier foarsitter fan en ferline wike naam er ôfskied.

Hans de Boer - Foto: VNO/NCW

De Wytmarsumer krige de ûnderskieding fan premier Mark Rutte foar syn ynset foar ûndernimmers mei ûnder oare in pensjoenakkoart en syn ynset om Nederlân mei de sosjale partners en it kabinet troch de krisis te loadsen.

(advertinsje)
(advertinsje)