Werynrjochting yn Nijeholtpea; Hoofdweg wurdt oanpakt

21 sep 2020 - 19:23

Yn Nijeholtpea is moandei in begjin makke mei de werynrjochting fan de Hoofdweg. It rioel yn it westlik stik fan de dyk wurdt ferfongen en de strjitte wurdt opnij ynrjochte. It plan dêrfoar ha ynwenners en saakkundigen yn it doarp mei elkoar makke.

Hanneke Zonderland, Mariska Rikkers en Deborah van Wijngaarden pleatse in dykôfsluting - Foto: Gemeente Weststellingwerf

Belangryk ûnderdiel derfan is dat reinwetter better ôffierd wurdt. Dat bleau oant no ta gauris stean en soarge sa foar oerlêst. Ferkearsfeiligens, parkearje en bioferskaat binne oare wichtige punten yn it plan. Pleatslik Belang sil bewenners oan de Hoofdweg stimulearje om har hiem griener te meitsjen.

It wurk oan de Hoofdweg duorret oant begjin desimber.

Trefwurden: 
Nijeholtpea werynrjochting
(advertinsje)
(advertinsje)