Topdrokte foar eroatyske winkels yn coronatiid; ferkeap is ferdûbele

Sûnt de útbraak fan de coronakrisis hat Euphoria it in stik drokker krigen yn har eroatyske winkels op It Hearrenfean en yn Ljouwert. Se ferkeapje folle mear seksartikelen. "Die verkoop in de winkel is wel met veertig, vijftig procent toegenomen", fertelt Mieneke ter Maat. "En in de webshop is dat nog meer. We hebben onze handen vol."
© ANP
Populêr binne 'speeltjes' dy't op ôfstân te betsjinjen binne. "De partnervibrator kun je via een app op afstand bedienen, dan kun je dus seksueel contact hebben, ook al zit die ander aan de andere kant van de wereld. Dat is in deze tijd natuurlijk geweldig."
Yn it begjin fan de corona-útbraak hie se wol noed oer de saak. "In april dacht ik nog, dit komt niet goed, maar daarna nam het een vlucht en werd het heel druk."

Alle leeftiden

Minsken kinne minder maklik date yn dizze tiid, is dat in nije groep dy't de artikels keapet? "Eigenlijk komen ze wel in alle leeftijdscategorieën. Mensen zitten meer thuis. Ze kopen speeltjes die je samen kunt gebruiken of die je alleen kunt gebruiken. In de winkel is het minder anoniem dan online, maar we merken dat mensen het fijn vinden om goede raad te krijgen geven en meer informatie. We merken dat er wel behoefte aan is. Ze beginnen vaak met de vraag 'het zal wel een rare vraag zijn', maar wij vinden niks raar."

Namme op de kont

Troch corona fernimme se wol dat saken mear besprekber binne. Se binne sels sponsor fan in sportteam. "We sponsoren het rugbyteam van Heerenveen. Onze naam staat netjes op de kont, op de achterkant van het broekje."
Se kinne de drokte noch wol oan. "We werken wel meer uren. Soms is het spannend, maar dat hoort bij ons vak."
Mieneke ter Maat