Help fan skoalbern frege foar ynsektehotel fan 20 meter by Burgum

Yn natuergebiet Om de Dobben by Burgum stiet in ynsektehotel fan 20 meter lang, mar it grutste part fan dat hotel moat noch ynfolle wurde. Dêrfoar siket de stichting Plak foar Elkenien help. It makket diel út fan ferskate edukative plannen fan de stichting.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
"In ynsektehotel is in plak dêr't ynsekten rêste en ite kinne en har fermearderje kinne. Dêr is no te min plak foar", seit Theunis Pietersma, bestjoerslid fan Plak foar Elkenien. It idee is dat it in edukatyf projekt wurdt foar skoalbern. "Buro Altenburg en Wymenga út Feanwâlden hat twa meter fan tweintich folle en no roppe we oaren op om mei ideeën te kommen en materiaal te bringen lykas pypkes en bamboe."
De stichting hat seis skoallen oanskreaun en de muorre yn segminten fan goed twa meter ferdield. "Op 30 septimber is de iepening en klassen kinne stikken ynrjochtsje en adoptearje. Sa kinne se boartsjendewei saken leare."
Ek wurde der 46 nêstkastke ophongen en binne der lesprogramma's by, ûnder oare oer de iistiid.
Theunis Pietersma