Willeke Alberti sjongt foar bewenners Erasmus yn Ljouwert op Wrâldalzheimerdei

21 sep 2020 - 18:19

Op de Wrâldalzheimerdei moandei krigen de bewenners fan fersoargingshûs Erasmus yn Ljouwert in bysûndere ferrassing. Sjongeres Willeke Alberti joech in optreden.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De sfear siet der by it fersoargingshûs goed yn, minsken stiene sels op it balkon te sjen nei de binnentún dêr't Willeke Alberti stie te sjongen. "Het is belangrijk om aandacht te besteden aan Wereldalzheimerdag, en wie kan dat mooier doen dan Willeke?" seit Christa Kooiker fan Noorderbreedte.

Se fynt soksoarte eveneminten tige wichtich foar minsken mei alzheimer. "Muziek verbindt, het verbroedert. Willeke kan als geen ander contact leggen met mensen", fertelt se. In pear bewenners kamen der pas nei in healoere achter dat it werklik Willeke wie dy't foar harren stie. "Daar gaat zij heel leuk mee om", sa seit Kooiker.

Ferrassing

De organisaasje hat de oanwêzichheid fan Alberti lang foar stilholden, de bewenners kamen pas moandeitemoarn te witten dat se lâns komme soe. Dit alles om oan de coronamaatregels te foldwaan. "Zo kon niet alle familie langskomen, zoals dat anders wel kan, op die manier konden we de anderhalve meter afstand waarborgen."

"Ze is zo geschikt om met ouderen om te gaan. Het is lekker gewoon, ze komt zoals ze is, en dat is voor deze doelgroep heel belangrijk", fertelt Kooiker. Ferskate minsken dy't mei de ferskes meisjonge, kinne gewoanwei noch amper prate, mar no sjonge se mei Willeke mei. Sa as Kooiker seit "Het swingt!"

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort mei Christa Kooiker fan Noorderbreedte

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Blide minsken

"Schitterend! Elk jaar weer dat ik het mee mag maken!" Mevrouw Maria Hart dûnset net mear, mar se genietet folop. "Dat deed ik vroeger wel hoor, ik heb op dansscholen en overal gezeten. De horlepiep, en ook op hits van Willeke Alberti en natuurlijk Sjaan van de Jordaan. Maar dat doe ik niet meer, als ik val dan heb ik een gebroken been en dat geneest bijna niet meer. Anders dan flikker ik tegen de grond, heb ik die ellende weer. Moet je weer nieuwe tegels kopen, nee, dat doe ik niet meer."

In oare bewenner hat in moaie tiid: "Prachtig, heel mooi." Ek sy dûnse net, mar mei oare redens as frou Hart. "Nee, daar begin ik niet aan, want ik heb helemaal geen maatgevoel, dat doen we niet." Mar wol tefreden. "Ik vind het geweldig, ja."

Ek sjongeres Willeke Alberti fûn it moai. "Het was fantastisch. Met het mooiste weer dat je maar kunt wensen. Mensen waren zo blij, en daar word ik ook heel blij van. Het is net of zijn ze weer 18. Dat heb ik zelf ook wel een beetje. Waar we ook komen, je merkt dat muziek zo ontzettend belangrijk is voor mensen. Alzheimer is natuurlijk een ziekte die steeds meer voorkomt, ook bij steeds jongere mensen. Waar komt het vandaan?"

Hoe is it foar har om yn dizze tiid in konsert te jaan? "Je mag mensen niet aanraken, maar de warmte die je aan elkaar geeft, is nog steeds aanwezig. Daar word ik zo ontzettend blij van", seit se bliid.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort praat mei Willeke Alberti

(Advertinsje)
(Advertinsje)