FIDEO: 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei': it ferhaal fan Rob

21 sep 2020 - 17:48

Hoe dreech is it om nei in behanneling werom te kommen yn de maatskippij? We hearre it yn de searje Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei. Dêryn siket programmamakker Miranda Werkman nei de ferhalen fan de minsken efter de doarren fan GGZ Fryslân. Dizze moandei de fjirde ôflevering oer Rob. Hy woe net mear fierder mei syn libben.

Iepen en earlik fertelt Rob syn ferhaal. Oer dat er net fierder woe mei syn libben. It sei him neat mear; syn bern, de pakesizzers. It krisisteam komt by him thús en regelet dat er help krijt. Hy hoecht net opnommen te wurden; hy krijt IHT, intensive home treatment. Koarte en yntinsive help.

Alle dagen giet er nei Ljouwert. As er jûns thúskomt, kin er it allegear achter him litte en yn syn eigen bêd sliepe. It hat him enoarm holpen. Oars hie er der neat mear west, fertelt hy oan programma makker Miranda Werkman.

It is in lanlike trend. Minsken wurde hieltyd minder gau opnommen omdat der in ôfbou fan bêden is. Is dat in besuniging of in oare foarm fan help biede?

(Advertinsje)
(Advertinsje)