TOF Vakanties leit stil troch corona; beriede op de takomst

21 sep 2020 - 17:32

Trochgean yn de hjoeddeistige situaasje kin hast net foar TOF Vakanties. De stichting út Grou organisearret gewoanwei fakânsjes foar minsken mei in beheining, mar troch it coronafirus leit dat no al moannen stil. En no twivelet de stichting hielendal oer de takomst fan TOF.

In útstapke fan TOF yn 2017 - Foto: TOF Vakanties

"We kinne net inkeld de fakânsjes rûnkrije mei de oardelmeter, mar it is ek noch sa dat minsken mei in ferstanlike beheining net wend binne om ôfstân te hâlden. Se krûpe oaren gauris oan. We kinne net de garânsje jaan oan âlden dat se it firus net oprinne. Mocht dat wol barre, dan hawwe we in probleem", seit foarsitter Bob Velthuis.

De lêste jierren wienen der al minder gasten. "Organisaasjes geane leaver sels mei de kliïnten op fakânsje en it wurdt ek dreger om kwalifisearre frijwilligers te finen. Troch wetten yn ús lân moat dat, dat betsjut dus dat as ien mei sûkersykte mei giet, der ek in frijwilliger by moat dy't it foech hat om dêrmei om te gean."

Oan opheffen tinkt Velthuis net, se wolle sjen nei in oare ynfolling foar de takomst. "Wat kinne we wol dwaan en sykje kontakt mei oare organisaasjes yn de buert." Meikoarten sille se mei de frijwilligers sjen nei de mooglikheden. "Ein oktober nimme we in beslút oer hoe no fierder."

TOF Vakanties - Foto: TOF Vakanties

Bob Velthuis

(Advertinsje)
(Advertinsje)