Twa Nederlânske titels foar Tristan Bangma: "Beter dan verwacht!"

Tristan Bangma is twa Nederlânske titels riker. De parahurdfytser fan Donkerbroek wie tegearre mei syn piloat Patrick Bos de rapste yn de tiidrit en yn de wedstriid op de dyk. It komt wol as in ferrassing foar Bangma, om't se harren skema net ynsteld hiene op dizze kampioenskippen. "Het ging beter dan verwacht!"
Tristan Bangma (efterop) en syn piloat Patrick Bos yn aksje op it NK © Orange Pictures
It is de twadde kear dat Bangma Nederlânsk kampioen wurdt op de tiidrit. Yn 2018 slagge him dat ek, doe noch wol mei in oare piloat. No fersloech er, tegearre mei Bos, de regearjend wrâldkampioenen Vincent ter Schure en Timo Fransen.
"Het was een van onze betere tijdritten die we ooit samen hebben gereden. We mogen niet klagen", fertelt Bangma, dy't mei Bos trije sekonden foar Ter Schure en Frans einige. En dat wylst se foar it earst dit jier in tiidrit rieden. "We hebben überhaupt niet op de tijdritfiets gezeten."
Tristan Bangma wie ien fan de 'coronavloggers' fan Omrop Fryslân. Dy diene yn de earste coronaweach ferslach troch vlogs te meitsjen. De parahurdfytser makke fjouwer vlogs, dy't fia dizze dossierside werom te sjen binne.
Yn de wedstriid op de dyk pakten Bangma en Bos ek foar de twadde kear de titel. Ferline jier diene se dat foar it earst.
"We zijn iets over de helft weggereden en de voorsprong werd steeds groter. Eerst twintig seconden en uiteindelijk was het zelfs iets meer dan een minuut", seit de Donkerbroekster. Hy is wol fernuvere oer it nivo dat se hellen. "Ik kan merken dat ik een stap heb gezet dit jaar."