Matthijs fan Snits nimt Amerikaanske YouTuber yn hûs nei skipbrek

21 sep 2020 - 16:34

De Amerikaanske YouTuber en siler James Evenson kaam begjin dit jier foar de kust fan Hawaiï yn in stoarm telâne. Syn katamaran rekke flink skansearre en wie net mear te brûken. Evenson kocht út de Feriene Steaten wei op Kurasao in nije boat. Fanwegen it ynreisferbod koe Evenson lykwols net by syn boat komme. Trouwe folger Matthijs Dekker fan Snits kaam mei dé oplossing.

Matthijs Dekker

Evenson ferlear yn de stoarm net allinnich syn boat, mar ek syn hûs. Mei help fan sponsors koe er in nije boat keapje. Ien probleem: de nije boat leit op Kurasao en dêr jildt in ynreisferbod foar minsken út de Feriene Steaten wei.

Matthijs Dekker fan Snits folget Evenson op YouTube. Doe't Evenson syn folgers om tips frege om dochs by syn boat komme te kinnen, wie it Dekker dy't de gouden tip oandroech. "Ik had hem een berichtje gestuurd dat dat vanuit Nederland kon", fertelt Dekker. "Ik had er niet veel van verwacht, maar toen stuurde hij mij een privébericht dat hij het een goed idee vond en dat het waarschijnlijk zijn enige optie was."

Karantêne yn Nederlân

Iennichste neidiel: Evenson soe twa wiken yn karantêne bliuwe moatte yn Nederlân foar't er fierder reizgje kinne soe. In soad budzjet hie de wrâldreizger net, om't dat benammen opgiet oan syn boat. "Toen heb ik gezegd dat hij bij ons thuis welkom was. Mijn vriendin vond het wel een leuk idee", fertelt Matthijs. "Hij zei meteen: ik neem je aanbod hartelijk in ontvangst!"

Foto: Eigen foto

Yntusken ferbliuwt Evenson alwer in skoftke by Matthijs thús op souder. Matthijs: "Het was wel een beetje spannend natuurlijk, want je kent elkaar niet." Dochs kaam it mear as goed. "Hij is heel relaxed, helpt in het huishouden, heeft gisteren vis voor ons gekookt. Zo nu en dan speelt hij gitaar voor onze baby. Dus dat gaat heel goed!"

Sjarmearre fan Fryslân

Foar Evenson sels is it ek in hiel aventoer. 'Ik bin hiel bliid! Ik besocht al mear as in moanne by myn boat te kommen, mar mei it coronafirus wie dat hiel dreech', fertelt er. Fan Fryslân is de Amerikaan wol sjarmearre. 'It is prachtich! Ik hâld fan Snits. It is in moaie omjouwing.'

Oer twa wiken is de karantêne foarby en ferfolget Evenson syn reis nei de Kariben. Mar dêr einiget it kontakt net. Nei alle gedachten hat it twatal in freonskip foar it libben opboud. "We hebben een uitnodiging gekregen om een week of twee met hem mee te varen op zijn boot", beslút Matthijs. Neffens him sille harren wegen inoar grif wer kruse.

(Advertinsje)
(Advertinsje)