Jonge út Ketlik dy't âlden deastuts moat langer behannele wurde

De no 17-jierrige jonge út Ketlik, dy't trije jier lyn syn heit en mem deastutsen hat, moat noch twa jier langer twongen behannele wurde. Op advys fan saakkundigen hat de rjochtbank moandei syn jeugd-tbs mei twa jier ferlinge.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De jonge hie in minne relaasje mei syn heit (63) en mem (62) en hie it plan om se om te bringen hielendal úttocht. Hy waard yn maart 2018 feroardiele ta in jeugddetinsje fan in jier en jeugd-tbs. Dat is de maksimale straf dy't oplein wurde kin oan ien tusken de 12 en 15 jier.
De jonge wie depressyf en hie gedrachsproblemen. Neffens saakkundigen is de kâns lyts dat er wer yn de fout giet, as er mar yn in strukturearre omjouwing bliuwt. Op it momint dat de struktuer en de begeliedingsyntinsiteit ôfnimme, wurdt it risiko op werhelling matich oant heech.